Fakatuere
Middenyn de natuer fan Skylge leit De Folks: in plak om ta rêst te kommen, nije dingen te ûntdekken en minsken te moetsjen. Foar dizze bysûndere organisaasje sykje wy in belutsen en ûndernimmende direkteur.



Yn de bosken by Hoarne is de Folkshegeskoalle Schylgeralân yn 1948 oprjochte as plak foar moeting, ûntwikkeling en ûntspanning, mei woartels yn de Fryske mienskip. Us akkommodaasjes binne boud op en yn bunkers út de oarloch. Elts is wolkom, foar in aktiviteit of foar in rêstich ferbliuw, en simmerdeis binne der de Simmerkampwiken foar bern. Duorsemens en de Fryske taal steane sintraal.
De Folks hat in fêst team fan sa'n 12 minsken, yn de simmermoannen oprinnend nei sawat 15. As direkteur bist ferantwurdlik foar de deistige lieding en de bedriuwsfiering en wurkest nau gear mei it fiifkoppige bestjoer fan de stichting. Op it terrein stiet ek de tsjinstwenning dêr'tsto wenje silst.
Wy sykje in ûndernimmende en tagonklike lieder dy't him of har ferbine wol oan it eigen karakter fan De Folks. Do hast each foar de minsken mei wa'tst wurkest en foar de wearden dêr't De Folks foar stiet. Do nimst inisjatyf en witst ideeën om te setten yn konkrete plannen. Do sjochst kânsen om de bekendheid fan dit bedriuw fierder út te bouwen.
Mei fragen kinst kontakt opnimme mei ús kollega Rianne Wijnia, a.i. HR-adviseur, telefoan 06-14513868, of mei bestjoerslid Frans van der Heide, telefoan 06-46264492.
