Op ús terrein fynst ferskate sfearfolle romten dy'tst hiere kinst foar útienrinnende mominten: in ynspirearjende gearkomste, in kreative kursus, in muzyk-of dûnssessy, in feestlik byinoar wêzen of just wat yntyms. Ek bûten is plak mei ús iepenloftteäter as natuerlik poadium tusken it grien.


Dizze rûne, ljochte konferinsjeromte is fan alle gemakken foarsjoen. Oftst hjir komst foar in saaklike byienkomst, meditaasjeles of skilderkursus, yn De Brêge Seal fynst de rêst en romte. Mei plak foar sawat 30 persoanen is it de ideale romte foar lytsere groepen dy't yn alle rêst wurkje wolle.

Us rekreaasjeseal yn gebou 't Roefke hat in moaie houten flier en ljochtes fear. Mei plak foar sawat 60 persoanen is it in fijne, yntime romte. Perfekt foar byienkomsten, mar wis ek foar yogalessen en oare rêstige aktiviteiten.

’t Bopperom is ús grutste groepsromte: ljocht, rom en mei in smûke iepen hurd. Perfekt foar in kursus, feest of byienkomst. Fynst der in piano, spultsjeskiste, boeken, tv en muzykynstallaasje. Bûten leit in sinnich terras op it suden. Der is in keukentsje en mei plak foar sa'n 80 minsken in fijne romte foar groepen.

Ite dochst by ús yn ’t Rom, de ljochte ytseal dêr't gasten mei-inoar oan tafel skowe. Kinst hjir genietsje fan lokale produkten, farske bôle by it moarnsiten én in standert fegetarysk menu. We kinne rekken hâlde mei allergyen.

Sûnt de simmer fan 2017 hat De Folks in bysûnder poadium yn 'e iepen loft. Rûn fan foarm mei beammen deromhinne is De Rondte in plak dêr't fan alles gearkomt: fan folksdûns- en yogalessen oant presintaasjes en teäterfoarstellingen. In plak dêr't natuer en kultuer inoar moetsje.