Groepen by De Folks

De Folks biedt romte foar elkenien! Midden yn 'e bosk én tichteby de see is dit in plak om te learen, te fieren en byinoar te wêzen. Mei in goede keuken, fijne sealen en it eilân as dekôr tinke we graach mei dy mei oer in programma dat past by jimme groep.

Oenachtsje

Unyk natuerplak

Romte foar ûntspanning

Trouwe op Skylge

Brulloften

Op syk nei de ultime lokaasje foar jimme brulloft? Hier ús folsleine terrein en lit dy mei al jimme neisten in hiel wykein ûnderdompelje yn jimme eigen houliksbubbel. Us tawijde team soarget derfoar dat jim grutte dei ferrint lykas dreamd.

Op skoalkamp nei Skylge

Skoallen

Op ús terrein tusken bosk en dún lizze meardere gebouwen mei mar leafst 100 sliepplakken. Foar skoalgroepen is in grutte rekreaasjeseal en groepsromte beskikber. De perfekte lokaasje foar plezier op it prachtige Skylge.

It feest begjint pas by De Folks

Feesten

Bist fan herte wolkom foar in famylje- of freone-útstapke! De kombinaasje fan ús ferbliuw en binnen- én bûtenfasiliteiten biedt foar elke groep it goede plak. Yn ús rekreaasjeseal It Bopperom fynst bygelyks in iepen hurd, piano, bar, tv en lûdsynstallaasje.

Ynspirearjende omjouwing foar dyn team

Bedriuwen

Foar in bedriuwsútstapke fynst by ús in fantastyske bestimming! Bedriuwen komme graach om te harsenskrabjen of foar in training, teambuilding of in gesellige bedriuwsreis. We biede ferskate fasiliteiten én fansels ferbliuw foar dyn team. Wy dogge dêr graach in tal suggestjes en programma-ideeën foar.