Oer ús

By De Folks draait it om mear as allinnich mar in ferbliuw. It is in plak dêr’tst echt ta dysels komme kinst, kreatyf wêze kinst en ferbining fielst mei de natuer en oaren.

Oernachtsje

Moetsje

Untdekke

Middenyn de natuer

De Folks

Der hinget in sfear fan rêst enromte oer ús lokaasje. Stapst hjir sa de bosk yn foar in moarnskuier of rinstnei it strân foar in frisse dûk yn see. De natuer is altyd tichtby en datfielst. In rêstich plak, fier fuort fan 'e drokte, dêr'tst even echt ta dyselskomme kinst.

De Folks is foar in part boud op ek yn âlde bunkers út de Atlantikwall, dy't no omtovere binne ta waarme keamers en ljochte sealen. De oare gebouwen binne yn Skandinavyske styl oanlein en ûntwurpen troch arsjitekt Gunnar Daan.

It ûntstean

Us skiednis

Flak nei de oarloch ûntstie op Skylge wat bysûnders: in plak foar learen, kultuer en mienskip - mei de Frysketaal en natuer as fûnemint. In Fryske folkshegeskoalle boud op idealen, droegen troch frijwilligers en woartele yn 'e eilângrûn. Wat ea begûn as kampplak groeide út ta in unyk moetingsplak.

Duorsum en lokaal

Duorsum yn alles wat wy dogge

By De Folks dogge wy it graach goed foar minske, eilân en omjouwing. Wy binne noch net perfekt, mar wol bewust. By ús kiest foar in plak dêr’t duorsumens de standert is.