By De Folks dogge we it graachgoed foar minske, eilân en omjouwing. We binne noch net perfekt, mar wolbewust. By ús kiest foar in plak dêr't duorsumens de standert is.

By De Folks hearre duorsumens, maatskiplik ferantwurde ûndernimmen (MFO) en ekotoerisme echt byinoar. We kieze bewust foar lytsskalich toerisme, mei respekt foar de natuer en it eilân. Duorsumens hoecht net grut te wêzen om fan betsjutting te wêzen. We kieze altyd bewust: foar meubels mei in ferhaal, gjin ferspilling en skjinmakmiddels dy't freonlik binne foar de natuer.
Fegetarysk en lokaal
By ús ytst moarnsiten, lunch én diner sûnder fleis. Uskoks toverje alle dagen farske en biologyske gerjochten op 'e tafel. Foargroepen dy't graach fleis wolle, kin dat yn oerlis. Nim dêrfoar kontakt mei ús op.
We wurkje ek gear mei lokaleboeren, brouwers en houtbewurkers. Fan spesjaal bier út Harns oant tsiis fan Skylge, wat we kinne, helje we út 'e omkriten. Sa bliuwt de ferbining mei Skylge libjend. Yn alles wat we dogge, fernimst wêr'tst bist.
Plestik? Leavernet
Wy binne grutsk op ús eilân mei syn wylde natuer, de Waadsee oan 'e iene kant en de Noardsee oan 'e oare. Dy natuer wolle we mei ús allen beskermje. Dêrom wurkje we hurd om in plestikfrije organisaasje te wurden. Sa servearje we bygelyks al in folslein plestikfrij moarnsmiel. En we geane troch: minder plestik brûke en úteinlik hielendal sûnder, sadat ek folgjende generaasjes fan dit plak genietsje kinne.
En we binne noch lang net klear! De wrâld feroaret en wy bewege mei. Wy gean troch te sykjen nei manieren om ús impact lytser te meitsjen.