Mei it meitsjen fan in reservearring wurde ús annulearringsbetingsten fankrêft.

Annulearringsbetingsten 2026
Yn gefal fan annulearring fan dyn reservearring hantearje wy ûndersteande
annulearringsbetingsten. De annulearringskosten binne ôfhinklik fan de tiidsdoer
oant oankomstdatum en jilde per reservearring/kursusdielnimmer.
Persintaazjes annulearringskosten
. Oant 49 dagen foar oankomst: 5% foar losse boekingen en 10% foar groepen
. Op de 49e dei oant 35 dagen foar oankomst: 15%
. Op de 35e dei oant 28 dagen foar oankomst: 30%
. Op de 28e dei oant 7 dagen foar oankomst: 60%
. Op de 7e dei oant 3 dagen foar oankomst: 75%
. Op de 3e dei oant dei fan oankomst: 100%
Annulearje kin telefoanysk of fia de mail. De dei datst de annulearringtrochjoust, jildt as
annulearringsdatum. Kinst de reservearring eventueel oerdrage oan in oar asfoldien
wurdt oan de betingsten en betellingsferplichtingen fan de oarspronklike
reservearring. Wy riede dy oan om in annulearringsfersekering ôf te sluten bydyn eigen bank of fersekeringsmaatskippij en/of in annulearringsoerienkomst opte stellen foar de
dielnimmers oan dyn kursus sadatst boppesteande kosten trochberekkenje kinst.
Reservearring
In telefoanyske reservearring is in rjochtsjildige oerienkomst.
De oan dy tastjoerde reservearringsbefêstiging is foar kontrôle oft we deôfspraken op
korrekte wize ynboekt hawwe. By annulearring op 'e dei fan reservearjen bist €30,00
administraasjekosten ferskuldige.
Reissom en oare kosten
Per groepsreservearring bringe we € 30,00 administraasjekosten yn rekken.
Foar it wizigjen yn besteande reservearringen binne we foarbehâlden om € 15,00
administraasjekosten yn rekken bringe te meien.
Hast in opsje foar in groepsboeking en wurdt dy yn syn gehiel annulearre, dan
bringe we € 30,00 hannelingskosten yn rekken.
De gemeente Skylge stelt jierliks in bedrach oan toeristebelesting fêst. Dy
belesting is in bedrach per dei en wurdt trochberekkene op basis fan 'e lingtefan dyn
ferbliuw.
Betelling
Nei it ta stân kommen fan de reservearringsoerienkomst moat in oanbetelling
dien wurde fan 50% fan 'e reissom uterlik 2 moanne foar oanfang fan de
boeking, plus administraasjekosten. Foar de groepsboekingen rekkenje wy in
oanbetelling fan 5% fan 'e totale kursussom.
Wizigingen en ferplichtingen fan dyjinge dy't sliepplak oanbiedt
Dyjinge dy't sliepplak oanbiedt kin de oerienkomst wizigje ûnderomstannichheden wêrby't fan dyjinge dy't sliepplak oanbiedt yn reedlikens netferwachte wurde kin dat hy de oerienkomst útfiere kin. Dyjinge dy't sliepplakoanbiedt moat dyjinge dy't sliepplak freget binnen 48 oeren in passend alternatyfbiede, mits de oarsaak fan 'e wiziging net oan dyjinge dy't sliepplak freget tate wizen is. Ast ôfsjochst fan it oanbod, moat dyjinge dy't sliepplak oanbiedtde betelle reissom werombetelje, útsein administraasjekosten.