Us skiednis

De Folks bestiet sûnt 1948. Almear as 75 jier is dit in plak dêr't minsken byinoar komme om harsels teûntwikkeljen, inoar te moetsjen en stil te stean by wat wier telt.

Oarspronklik oprjochte as folkshegeskoalle, fuort neide Twadde Wrâldoarloch, is De Folks noch altyd trou oan dat gedachtegoed: elk hat syn eigen wearde en we wurkje mei-inoar oan in bettere wrâld

De woartels fanDe Folks

Nei de Twadde Wrâldoarlochûntstie yn Nederlân in beweging fan folkshegeskoallen. Op Skylge groeide dat idee yn 1946 út ta in grut jongereinkamp, organisearre troch it Boun fan NasjonaleFryske Jongerein. Doe't men inkele jierren letter bettere húsfesting socht, fûnde frou fan de earste direkteur fan Schylgeralân, Gryt Doele, de samlingbunkers op it plak fan 'e hjoeddeistige Folkshegeskoalle. De oerbliuwsels fande Atlantikwall wiene plondere en sûnder foarsjenningen, mar fol mooglikheden.De yntusken oprjochte Stichting Schylgeralân koe it kompleks yn 1948 keapje fanit Ryk foar 500 gûne. It doel: in sintrum foar Frysk kultureel wurk. In soad frijwilligers begûnen mei it opbouwen. De bunkers waarden bewenber makke enynrjochte foar kursuswurk. De grutte itensiederspot út dy tiid stiet noch altyd by de ytseal: doe mei iten foar de wurkploech deryn, no mei planten.

De bloei fan de jierren 50 ôf

Yn 'e jierren fyftich en sechtichwie der in soad aksje op De Folks. Kampen as it Peaskekamp, Simmerkamp, jierslutingskamp,stúdzjekamp en keatskamp folgen inoar op. In soad promininten út de Fryske beweging skoden geregeld oan - de saneamde pommeranten. Under harren wiene Jan Piebenga (haadredakteur fan 'e Ljouwerter krante), skriuwer Fedde Schurer, dichter D.A. Tamminga, taalkundige Tony Feitsma en politikus Anne Vondeling. Fan de jierren santich ôf ûntstie in nije tradysje: de Fryske toanielwiken.En noch altyd binne de Simmerkampwiken foar bern fan 10 oant 15 jier in fêstûnderdiel fan ús aginda.

De earste direkteur, Halbe Doele, joech De Folks fan it begjin ôf rjochting. Yn 1962 droech er it stokje oer oan Betze Stienstra, dy't fan 1962 oant 1995 mei tawijing lieding joech oan Schylgeralân.

Arsjitektuer

Yn 'e jierren santich en tachtichis de Folkshegeskoalle útwreide. De bekende arsjitekt Gunnar Daan ûntwurp de Skandinavyske gebouwen sa't we dy no kenne. Boud op de fûneminten fan de âlde bunkers, waarden ferline en takomst mei-inoar ferbûn. De natuerlike lizzing fan De Folks komt yn 'e arsjitektuer goed ta syn rjocht. Yn 1987 waard De Brêge tafoege: in bysûnder gebou om in dún hinne boud, mei alve keamers en in rûne konferinsjeseal op 'e boppeferdjipping. In mylpeal dy't bekroane waard mei de offisjele iepening troch keninginne Beatrix.

Unôfhinklik eneigen

In lang skoft wurken twa stichtingen nau gear op it terrein fan De Folks: Stichting Schylgeralân dy't de gebouwen yn besit hie en de Stichting Folkshegeskoalle dy't tal fan aktiviteiten organisearre. De gearwurking wie sa fanselssprekkend, dat in fúzjeyn 1987 in logyske stap waard. Yn 1991 waard dat offisjeel fêstlein yn in nij stichtingsstatút.

Fan it begjin ôf keas De Folks bewust foar ûnôfhinklikheid. Strukturele subsydzjes? Dêr woene de doetiidske bestjoerders net oan. En krekt dat makke it ferskil. Wêr't oare folkshegeskoallen yn 'e jierren njoggentich ferdwûnen yn reorganisaasjes enfúzjes, bleau De Folks oerein. Wy binne no de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân.

Dy eigen koers past by ús Fryskewoartels. Wy organisearje programma’s om de Fryske taal en kultuer hinne, endrage it lytsskalige karakter fan it eilân yn alles wat we dogge. Lokalegebrûken, ferbûnens mei de regio en it mienskipsgefoel binne hjir te fielen.Sels de eilanner folksdûnsers jouwe noch altyd simmerske demonstraasjes yn it iepenloftteater De Rondte.

Fernijing

Nei it ôfskied fan Betze Stienstra yn 1995 stie Jantsje Sikma inkele jierren oan it roer, folge trochAtze en Ruth Zuiderveld yn 1998. Yn 2000 waard Klaske Jaspers-Hazenberg beneamdta direkteur. Sy joech oant july 2014 mei belutsenens en fyzje lieding oan DeFolks. Under har direksje makke De Folks in moaie ûntwikkeling troch. It oanbod wreide út fan 20 nei goed 30 kursussen en wurkwinkels, ferdield oer fjouwer pylders: kreativiteit, natuer, meditaasje & besinning, en Fryske taal &kultuer. Tagelyk groeiden de besikersoantallen en gie de omset omheech. De akkommodaasje krige in fikse opknapbeurt: de twapersoanskeamers en apparteminten waarden fernijd.

Taal krige yn dy jierren inprominint plak. De Folks waard twatalich, mei omtinken foar sawol it Nederlânskas it Frysk. Sa hinget yn alle keamers in gedicht yn ien fan beide talen mei oersetting. Dêrneist waard romte makke foar literêre programma's en skriuwersresidinsjes. Bekende skriuwers as Tsjêbbe Hettinga, Rutger Kopland, Albertina Soepboer, Hagar Peeters, Abdelkader Benali, Hylke Speerstra, Atte Jongstra, Neeltje Maria Min en Abe de Vries ferbleaunen hjir om yn alle rêst te skriuwen.

Yn de fernijing is de oarsprongfan De Folks oanwêzich bleaun. Jeugd komt folop nei de Fryske Simmerkampen,Freonen stypje ús as fanâlds en frijwilligers soargje alle jierren foar de Putsjewikeyn maart. Better bekend as de Putsjeploech!

Fan 2010 kaam der in nije koersby: in stevige ynset op duorsumens en griener meitsjen. Dat past by de unikelizzing yn de Hoarnske bosk, tusken natuergebiet de Koegelwieck en de Boschplaatyn.

Direkteuren fan 2014 ôf

Yn 2014 krige De Folks in nijekoers ûnder lieding fan Amarins Geveke, dy't troch itbestjoer beneamd waard as direkteur. Fan july 2020 naam Jacqueline Spendel it stokje oer. Yn oktober 2023 waard sy opfolge troch de hjoeddeistige direkteur: Akkie Feenstra. Elk fan harren brocht in eigen blik, nije enerzjy en belutsenens mei.