Sûnt de oprjochting yn 1948 is De Folks op Skylge ûnskiedber ferbûn oan de ynset fan frijwilligers.

De Putsjeploech bestiet út inhechte groep fan sa'n 20 oant 25 frijwilligers dy't alle jierren yn maart dielnimme oan de Putsjewike: in wurkwike fol oanpakken, bouwen, reparearjen én gesellichheid. Oft it no giet om ûnderhâld of (fer)nijbou, dizzeploech draait de hân der net foar om. De groep bestiet út fakminsken én handige entûsjastelingen mei in hert foar de doelstellingen fan De Folks.
Liket it dy wat om in wike mei te wurkjen op Skylge? Wy sykje regelmjittich om nije leden! In petear om yn 'e kunde te kommen mei ien fan 'e koördinatoaren heart derby - dêrnei sjogge jim mei-inoar oft it in goede match is.
We hawwe foaral ferlet fan minsken mei ûnderfining yn timmerwurk, skilderjen, elektra, sanitêr of oare technyske feardichheden. Mar ek sûnder dy ûnderfining bist wolkom - ast mar fan oanpakken witst. Jongere minsken dy't der even tuskenút wolle, stelle we beslist op priis, en ek stellen binne fan herte wolkom. Wat is no moaier as inwike lang wurkje op in bysûnder plak midden yn 'e bosk, yn in fijne, meilibjende groep?
Tink derom: de fiertaal binnen de Putsjeploech is Frysk. Affiniteit mei de Fryske taal en it yn alle gefallen goed ferstean kinne is dêrom belangryk.
Wat krijst derfoar werom? Dielname oan 'e Putsjewike is fergees en alles is poerbêst fersoarge. Oerdei stekst de hannen út 'e mouwen, jûns is der romte foar ferdivedaasje: mei-inoarite, in kuier meitsje yn bosk, dún of op it strân - en fansels neiprate mei in hapke en drankje yn it Bopperom. In bysûndere ûnderfining garandearre!
Mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei ien fan de koördinatoaren:
Sieberen Kamstra, Telefoon: 06-19740976 E-mail: s.kamstra@hotmail.com