Budzjetkeamers Wyt & Grien

Yn gebou 't Roefke lizze de keamers Wyt en Grien. Twa basis, mar komfortabele twapersoanskeamers mei útsicht op it griene terrein.

Smûke en fersoarge keamers

Ienfâldige keamers foar twa!

Do sliepst hjir yn losse bêden en hast in eigen badkeamer mei dûs en toilet. Us budzjetkeamers binne ideaal foar wa't gjin lúkse siket, mar wól in noflik plak om te oernachtsjen. Bûten binne mear sitsjes dêr'tsto genietsje kinst fan de boskrike omjouwing.

Prijzen en beschikbaarheid

Prijzen en beschikbaarheid

Meitsje dyn ferbliuw kompleet

De Folks hat in goede keuken mei folslein biologyske gerjochten. Wolst gebrûk meitsje fan it moarnsbrochje, in lunchpakket of diner? Lit it ús witte nei dyn reservearring!