Workshop Tegel meitsje

Meitsje dyn eigen gipstegel mei foarwerpen fan Skylge.

Mei saken út de natuer soks as skelpen, tûken en beien meitsje wy in eigen komposysje. En dermei in unyke tegel. Wy drukke de foarwerpen yn de klaai en jitte hjir dernei gips yn. Sa ûntstiet der in prachtiche tegel. Dizze tegel geanr we beskilderje neffens de kleurenteory fan Itten.

Wat doche kleuren mei dyn komposysje/byld: 

De dosinten foar dizze workshop binne Meraud Pals en Jikke van der Zee.

Meraud Pals wurket as museumdosint by it Keramiekmuseum Princessehof, Fries Museum en Groninger Museum. Derneist jout sy workshops keramiek en gips. 

Jikke van der Zee is eigener en dosint Tekenje & Skilderje by Kunstkamer 10 yn Ljouwert. Ek jout sy bieldende workshops op projectbasis.

Sjoch ek ris op de side:: www.Kunstkamer10.nl

Dizze workshop is foar eltsenien fan 14 jier of.

Tiidstip: 10.00-13.00 oere

Kosten: € 30,00 per persoan

Kofje en tee krigest fan ús.

Meld dy oan fia via info@defolks.nl of 0562-448954

21/2/26

Workshop Tegel meitsje

Barren by De Folks

By De Folks is der altyd wol wat te belibjen. Ús barren bringt minsken tegearre foar gesellichheid, moeting en ynspiraasje. Untdek ús brede oanbod!