Komst by ús stjerresjen? Belibje dit bysûndere wykein yn Nacht Van De Nacht op it moaiste plakje op Skylge!
Gean mei op'en paad nei it Waad mei Robert van de Waadferiening, boskwachter Arie foar de betide fûgels en Koen van Waddensky foar it bestudearjen fan de prachtige stjerrehimel boppe ien fan de meast tsjustere plakjes fan Nederlân. Histoarikus en stjerrekundige Koen van de Driesche jout útlis oer de geheimen fan stjerrehimel en begeliedt in nachtlike kuier om dizze pracht sels te ûnderfinen. Wa wit sjochst it Noarderljocht, sa't wy yn de foarige edysje meimakke ha!
Robert van de Waddenvereniging jout dy ynformaasje oer it Wrâlderfguod en nimt dy mei nei it Waad by leechwetter.
Mei fûgelkenner Arie Ouwerkerk fytst men by moarnsdage nei it fûgelparadys oan de waadkust en kwelders.