28/6/2026

-

5/7/2026

Simmerwike byldhouwen

In bysûndere wike op in idyllysk plak! It bosk- en dúngebiet fan Skylge is in hast ûn-Nederlânsk plak om te byldhouwen.

Under begelieding fan ús betûfte dosint Joop Hollanders kinne sawol begjinnende as al mear betûfte byldhouwers harren passy foar it byldhouwen útlibje! Begjinnende byldhouwers leare ferskate materialen, techniken en soarten ark te kennen. Foar de mear betûften is der alle romte om harren kennis en kunde te ferdjipjen. En dêrneist is der fansels romte foar gesellichheid! Hat al faak bliken dien.😉  

Mei moai waar wurkest hearlik bûten tusken de beammen en oars op in beskut plak yn in iepen binnenromte.

We beprate ferskate metoaden om ynspiraasje te krijen en wurkje oan tariedende stappen lykas it meitsjen fan sketsen of in model.

Genietsje fan in simmerske wike kreatyf dwaande wêzen midden yn 'e natuer, mei lykstimde minsken dêr'tst folslein by ûntsoarge wurdst mei in moai ferbliuw en (h)earlik iten fanús kok: foar in grut part biologysk, út 'e omjouwing & altyd yn it seizoen.

It programma

  • De wike begjint mei in mienskiplik diner om 18:00 oere, folge troch in jûnsprogramma.
  • Alle dagen is der de mooglikheid om twa deidielen ûnder begelieding te wurkjen. Dêrneist is der yn oerlis romte om it eilân te  ferkennen.
  • Alle dagen: Moarnsiten 08:30-09:30 oere, lunchpakket,  fegetarysk 3-gongen diner 18:00 oere.
  • De sneon stiet folslein yn it teken fan 'e eineksposysje  dy't middeis plakhat.

 

·        Kosten

·        Do ferbliuwst dizze wike by ús op basis fan folpensjon.
–  Sliepseal(tsje): € 1069,- p.p.

·        –  Twapersoanskeamer budzjet(Roefkekeamers): € 1253,-p.p. = FOL

·        Foar it brûken troch ien persoan fan in keamer jildt in taslach fan 20 euro de nacht.
Tink derom: dy priis is eksklusyf de priis fan 'e stien dy'tst útsikest! (It ferfier fan 'e stien nei Skylge sit wol by de priis yn.)

·        Hast dy opjûn? Nim dan it leafst foar maaie kontakt op meiJoop Hollanders (de dosint) om op 'e tiid de nedige tariedingen te nimmen,lykas it oanskaffen fan in stien.

 

Docenten

Joop Hollanders
De wike wurdt begelaat troch de tige betûfte byldhouwer Joop Hollanders. Hy hat syn opliedingen folge by de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en oan de Rietveld Akademy. Joop hat in eigen atelier yn Schoorl, Noard-Hollân. Foar mear ynformaasje oer Joop, sjoch op syn webside: www.joophollanders.nl.

Oanmelde kursus

Bedankt voor je aanmelding!
We sturen je snel alle details. Zin in – we kijken ernaar uit je te ontmoeten.

Tot gauw bij De Folks.
Oeps! Er is iets misgegaan bij tijdens het invullen van dit formulier.