1/5/2026

-

3/5/2026

Yoga Wykein Fitaliteit II

In folslein fersoarge yogafakânsje op Skylge is puer genietsjen mei ferbliuw yn 'e sfearfolle Folkshegeskoalle flakby see. Mei in hearlik fegetarysk menu, hertferwaarmjende yoga en prachtige kuiers: in kado oan dysels.

Yogaterschelling biedt goed 15 jier folslein fersoarge yoga arranzjemintenoan yn 'e
Folkshegeskoalle. Foar elk mei belangstelling foar bewust bewegen en sûn
libjen. Mei yoga oan see, op it strân of yn 'e moaie yogaseal midden yn 'ebosken.
Sjoch ús aginda mei it folsleine oanbod fan 'e yogawykeinen en simmerfakânsjes
op 'e Folkshegeskoalle.

In hearlik plak om te genietsjen fan 'e natuer en rêst fan Skylge, dereven
hielendal út te wêzen. Mei omtinken foar ferskate yogafoarmen, meditaasje,sykheljen,
mantra, fytsen, strânkuiers en foar wa't wol in dûk yn 'e see. It programma isfoar
elkenien. Foar balâns, fitaliteit, enerzjy en ferdivedaasje.

It ferbliuw is ynklusyf:

  • Twa oernachtingen yn in moaie twapersoanskeamer mei dûs     en húske
  • Dielname oan it folsleine wurkwinkelprogramma
  • Twa kear moarnsiten, lunch(pakket) en fegetarysk diner
  • Yogi tea, kofje, fruit en fruchtesop
  • Gebrûk fan bêdeguod en handoeken
  • Hierfyts foar 3 dagen en bagaazjeferfier
  • Toeristebelesting
  • Folsleine begelieding troch YOGATERSCHELLING

Priis fan € 429,00 ôf

 

Docenten

Indra Bose
Indra Bose is ynternasjonaal sertifisearre Hatha yogadosint, coach sykheljen en mei organisator fan it Yoga Festival op Skylge. Sûnt 2011 dielt se mei in protte plezier ferskate yogafoarmen en sykhellingswurkwinkels. Har leafde foar de natuer op Skylge is grut. It hiele jier nimt se dy graach mei foar in dûk yn see en foar prachtige kuiers.
Peter van der Burg
Peter van der Burg docht al goed 20 jier oan yoga en is ynternasjonaal sertifisearre yogadosint en organisator fan it Yoga Festival op Skylge. Hy hat 16 jier op Skylge wenne en ferskate opliedingen foar yogadosinten folge. Hy docht mei in protte entûsjasme oan ferskate yogafoarmen. Ek genietet er yntins fan 'e natuer fan Skylge. Yoga foar bewustwêzen en ûntspannen bewegen om te genietsjen fan dyn natuer.

1/5/2026

-

3/5/2026

Yoga Wykein Fitaliteit II