15/5/2026

-

17/5/2026

Yoga Kuierwykein

In wykein oplade, genietsje en werom nei ienheid yn dysels! In wykein oplade, genietsje en werom nei it wêzen yn it momint yn dyn lichem, de romte en dyn gefoel.

Dit wykein nûgjeik dy út om dyn grinzen te ferkennen en te ferlizzen. It bewust wurden fan en ôftaasten fan dyn grinzen jout groeimooglikheden!

Yin yoga en Reset yoga binne tsjinhingers fan it hastige en mei tal fan prikkels lykop geande hjoeddeistige libben. Ast langere tiid yn Yin yoga hâldingen (fer)bliuwst, kin dy foarm fan yogabeoefening in meditatyf en rêstjouwend effekt hawwe. Ien fan de moaiste foardielen fan Yin yoga is de stilte dy't it bringe kin mar ek de ferbining mei dyn gefoel en dyn liif!

Mei de Reset yoga sessy giet it foaral om it lústerjen en fielen fan dyn eigen lichem, wylst we wurkje mei tagonklike, duorsume en fariabele fysike hâldingen. Sa learst op'e nij te ferbinen en dysels opnij te skriuwen en joust dysels mear krêft en frijheid!

Yin en resetyoga hat alles te krijen mei mindfulness. It wêzen yn it momint yn dyn lichem, de romte en dyn gefoel.

Neist it yogaprogramma is der in soad tiid foar de (begelate) kuiers. We lûke der alle dagen op út. Kuierje troch de bosken en dunen en lekker útwaaie op it strân! In besite oan it pittoreske West-Skylge mei de prachtige kuier oer it Griene Strân stiet ek op it programma.. Lit dy ferrasse troch de prachtige natuer en moaie kuiers op it eilân. Der is genôch romte foar yn- en ûntspanning. Hier in fyts en ferken Skylge op 'e fyts of boek op it plak sels in cranio sessy. Der is altyd tiid foar in goed petear of lûk dy just werom mei in boek. It tema fan it wykein is:alles mei en neat hoecht!

Jûns litte we ús kulinêr ferrasse! De koks fan 'e Folks soargje alle kearen wer foar smaaklike gerjochten.

Kosten

De priis is ynklusyf oernachtingen mei moarnsiten, lunch en diner op in twapersoanskeameren alle yogalessen en begelate kuiers.

• Priis yogakuierwykein:         € 520,-

• Taslach ienpersoanskeamer:        € 105,-

Docenten

Mieke Nakken
Mieke Nakken, yogadosinte en cranioterapeute. Ik haw in grutte leafde foar de eilannen mei harren hearlike, brede strannen en fantastyske atmosfear en natuer. Nei myn oplieding en earste wurkûnderfining yn Nederlân bin ik op reis gien om wat mear fan 'e wrâld en syn minsken te ûntdekken. Op myn reizen kaam ik yn oanrekking mei tal fan foarmen fan lichemswurk en yn Yndia rekke ik ynspirearre troch yoga en meditaasje. Yn de ôfrûne 30 jier haw ik in soad les hân yn ferskate foarmen fan yoga en vipassane meditaasje yn Tailân, Yndia en Nederlân. Yn Nederlân haw ik de oplieding cranioterapeut folge. Troch dy opliedingen haw ik in protte leard en de technyk hat my in soad ynsjoch jûn yn de wurking fan it lichem en de geast. De yogakennis en -ûnderfining yn ’e mande mei cranio sessys kombinearje ik sûnt 2008 yn yogareizen. Ik organisearje hearlike yogakuierwiken yn Eastenryk en yogakuierwykeinen yn Nederlân. It ûntspannende en hieljende effekt fan yoga yn in moaie omjouwing is wat dat elkenien in kear meimeitsje moatte soe.

15/5/2026

-

17/5/2026

Yoga Kuierwykein