8/5/2026
-
10/5/2026
In hearlik wykein yn 'e natuer, lear alles oer de fûgels yn it oerweldigjende Waadgebiet! Natuergids en fûgeltsjeman Arie Ouwerkerk nimt dy mei!

De maitiid is op Skylge in fassinearjende tiid foar fûgeltsjelju: de rykdom oan fûgels is hjir dan enoarm. Oan it Wrâlderfgoed de Waadsee is foar sawol de begjinnende as debetûfte fûgelspotter in soad te belibjen, beharkjen en fotografearjen yn dit hearlike wykein op Skylge.
Yn it begjin fan'e briedtiid sjonge in protte fûgels om harren territoarium ôf te beakenjen. Yn'e bosk trefst ûnder mear it readboarstje, de tsjiftsjaf en de sjonglyster. Yn'e dunen ûntdekst it út Afrika weromkearde imerke (sprinkhaanzanger)mei de karakteristike, snuorjende sang of hearst it ferneamde lûd fan 'e geal(nachtegaal). Yn 'e polder hawwe ús greidefûgels it heechste wurd, wylst op it waad grutte groepen reade skriezen en rotguozzen har tariede op harren reis neiSibearië. In prachtich aventoer.




Globaal programma (noch even ûnder foarbehâld, kin wat fariearje)
Freedtejûn:
Oankomst fan 15.00 oere ôf mei diner om 18.00 oere
By dat diner jout Arie útlis en ynformaasje oer de kommende dagen.
Rest fan 'e jûnfrij
Sneon:
06.00 oere
Ekskurzje nei it strân
09.30 oere
Moarnsiten
10.30 oere
We gean wer op'en paad, mar no op 'e fyts rjochting West.
We gean nei dún,bosk, polder en waad en komme sa in soad fûgelsoarten tsjin.
16.30 oere
Werom op De Folks
18.00 oere
Diner. Dêrnei in koarte kuier en de rest fan 'e jûn frij.
Snein:
06.00 oere
Betide ekskurzjenei it strân of it waad
09.30 oere
Moarnsiten
10.00-10.30 oere
Utchecke. De bagaazje kin yn 'e hal bliuwe
10.45 oere
Start fytstocht nei de Boschplaat
15.00 oere
Wer werom op De Folks
Kosten
Do ferbliuwst dit wykein op basis fan folpensjon.
– Sliepseal yn Roefkegebou: € 344,- p.p.
– Twapersoanskeamer budzjet(Roefkekeamers): € 368,- p.p.
– Twapersoanskeamer komfort(Brêge- en Plakkenkeamers): € 400,- p.p.
Foar it brûkentroch ien persoan fan in keamer jildt in taslach fan 20 euro de nacht.
By dielname oan dit wykein is in fytsneedsaaklik. By ynskriuwing krijst in koartingskoade foar fytshier.
