25/9/2026
-
27/9/2026
In hearlik wykein yn 'e natuer, lear alles oer de fûgels yn it oerweldigjende Waadgebiet! Natuergids en fûgeltsjeman Arie Ouwerkerk nimt dy mei!

Yn 'e hjerst kinst op Skylge folop genietsje fan 'e fûgeltrek. Op it Waad wurde no grutte oantallen steltrinners sjoen en yn dit wykein bringe we in soad tiid troch mei dy sierlike fûgels.Tusken de strânljippen (scholeksters)en reade skriezen (rosse grutto’s) sykjewe nei de grienskonken (groenpootruiters), reade grillen (krombekstrandloper)en miskien komme we wol de skiere wettergril (grauwe franjepoot) tsjin dy't in grut part fan syn libben swimmend trochbringt. Dravende sângrillen(drieteenstrandlopers) sjogge we by de brâning del en wa wit komme we de gint (jan-van-gent)tsjin. Foar sawol de begjinnende as de betûfte fûgeler in hearlik wykein opSkylge.




Globaal programma (noch even ûnder foarbehâld, kin wat fariearje)
Freedtejûn:
Oankomst fan 15.00 oere ôf mei diner om 18.00 oere.
By dat diner jout Arie útlis en ynformaasje oer de kommende dagen.
Rest fan 'e jûnfrij.
Sneon:
06.00 oere
Ekskurzje nei itstrân
09.30 oere
Moarnsiten
10.30 oere
We gean wer op'en paad, mar no op 'e fyts rjochting West.
We gean nei dún,bosk, polder en waad en komme sa in soad fûgelsoarten tsjin.
16.30 oere
Werom op De Folks
18.00 oere
Diner. Dêrnei in koarte kuier en de rest fan 'e jûn frij.
Snein:
06.00 oere
Betide ekskurzjenei it strân of it waad
09.30 oere
Moarnsiten
10.00-10.30 oere
Utchecke. De bagaazje kin yn 'e hal bliuwe
10.45 oere
Start fytstocht nei de Boschplaat
15.00 oere
Wer werom op De Folks
Kosten
Do ferbliuwst dat wykein op basis fan folpensjon.
– Sliepseal yn Roefkegebou: € 344,- p.p.
– Twapersoanskeamer budzjet(Roefkekeamers): € 368,- p.p.
– Twapersoanskeamer komfort(Brêge- en Plakkenkeamers): € 400,- p.p.
Foar it brûkentroch ien persoan fan in keamer jildt in taslach fan 20 euro de nacht.
By dielname oan dat wykein is in fyts needsaaklik. By ynskriuwing krijst in koartingskoade foar fytshier.
