25/8/2026
-
29/8/2026
Der binne tal fan oanliedingen en redenen wêrom't minsken sokssawat as zenmeditaasje dwaan wolle.

Wêrom Zen?
Der binne tal fan oanliedingen en redenen wêrom't minsken sokssawat as zenmeditaasjedwaan wolle.
Faak wolle we witte watst deroan hast. It earlikste antwurd is datst dat foar dysels útfine moatst.
Wurdearjen fan dyn libben.
Faak jouwe dielnimmers oan dat se mear enerzjy ûnderfine en inerlike rêst,har better fokusje kinne, mear hjir-en-no binne en harren libben oars leare te wurdearjen.
Ynset en reewilligens.
Tagelyk moatst dy realisearje dat Zen in beoefening is fan langere azem. Dy talizze op pianospyljen of tennisjen freget ek ynset en tiid.
Folwoeksen wurde.
Zen is in wei fan echt folwoeksen wurde, wêryn'tst ree bist om ferantwurdlikens te nimmen foar dyn libben. Dat proses giet altyd troch en wurdt hieltyd subtiler, útdaagjender en ek freugdefoller.
Mear ynsjoch en helderheid.
Zenmeditaasje kin befrijend wurkje om't it ynsjoch en helderheid bringt oer dysels en dyn libben. Om't it dy sjen lit wat wier fan belang is, wat der wêzentlik ta docht yn dyn libben.
Praktysk.
Dizze wike is gaadlik foar sawol begjinners as betûften.
Foar begjinners binne der - neist it gewoane programma – aparte sessys en ekstra begelieding om fertroud te reitsjen mei de 'basics' fan meditaasje.
Sa kin elkenien dy't wol oan it folsleine programma meidwaan.
Moarns en jûns 'wurkje' we. Middeis bist frij om te genietsjen fan it eilân yn 'e simmer.
By twivel: belje gerêst mei de learaar Willem Schepers, autorisearre Zenlearaar, ferbûn oan it zenmeditaasje sintrum 'Zentrum' yn Utrecht. (06 20733209).
Mear ynfo en it programma fynst op 'e webside fan Zentrum. (zentrum.nl)
Ferbliuw.
Kosten: € 720,- op basis fan in twapersoanskeamer, folpensjon en dekursus. Foar in ienpersoanskeamer jildt in taslach fan € 28,- de nacht.



25/8/2026
-
29/8/2026