14/9/2026

-

18/9/2026

Ferdjippingswike Deep Democracy

Deep Democracy is in praktyske metoade dy't helpt om (lestige) petearen te fieren, droegen besluten te nimmen en konflikten op te lossen.

Tekenjend foar Deep Democracy is dat nei alle ynfalshoeken en stimmen harke wurdt. Der wurde mearderheidsbesluten nommen wêrby't de wiisheid fan de minderheid yn in ier stadium de romte krijt. Dêrmei kin it potinsjeel yn groepen nei boppen helle wurde en ûntstiet mear romte en beweging yn 'e groep. Mei-inoar gean we foar it heechst helbere. Deep Democracy is brûkber foar elkenien yn alle ynteraksjes tusken minsken. Om je de tools fan Deep Democracy eigen te meitsjen, binne der trainingen dy't je op fjouwer nivo's folgje kinne. Elke nivo-training fan 2 dagen hat sa syn eigen karakter.

 

Wurdst yn dy ferdjipjende wike útnûge om de tools fan Deep  Democracy mear en mear te yntegrearjen yn dyn wurk en dyn libben. Oan 'e ein fan dy wike ûntfangst dyn Nivo 2 en 3 sertifikaat. Om oan dy wike meidwaan te kinnen is it needsaaklik om Nivo 1, it fûnemint, folge te hawwen. By Deep Democracy Noordkinst in nivo 1 training folgje op 13 en 14 april of 17 en 18 juny 2026 yn Bakkefean. Yn nivo 1 wurdt de Deep Democracy metoade yn syn gehiel yntrodusearre. Underfynst it Deep Democracy proses folút mei de groep en yn dysels.  

 Programma:

·        Wolkom op moandei 14 septimber nei de lunch.

·        De earste 2 dagen learst in tal nije tools foar 1-op-1 petearen, saaklike meetings en it yn kaart bringen fan groepsdynamyk.

·        Woansdeis is der romte foar dysels om te reflektearjen en it útfieren fan in groepsopdracht.

·        De lêste 2 dagen leit de fokus op petearen dêr't polarisaasje, spanning en/of konflikt in rol yn spylje. Spesifike fokus leit op it behâlden fan neutraliteit yn de prosesbegelieding.

·        De ferdjippingswike einiget op 18 septimber om lunchtiid hinne.

·        Tuskentroch is der tiid en romte foar ferdivedaasje om it eilân te ferkennen.

·        Opsjoneel is der yn dy dagen romte foar yogales of begelate meditaasje, kuierjen of hurdrinnen en in dûk yn 'e see.  

·        Priis € 2.450,- ZZP taryf en € 2.650,- Organisaasjetaryf.

·        Ynklusyf ferbliuw, moarnsiten, lunch en diner, sertifikaat nivo 2 en 3 en tagong ta de ûnderskate ynformaasje, dokuminten, teory, filmkes en neislachwurk.  

·        Eksklusyf ferfierskosten en toeristebelesting. 

·        Brosjuere ûntfange? Mail nei welkom@deepdemocracynoord.nl.

 

Deep Democracy Nooard stiet foarit wiere moetsjen.  Foar Noardlike nochterens. Mei beide fuotten op 'e grûn. Foar ferbining mei-inoar. Foar leare fan elkoars ferskillen. Elk hat syn eigen lûd, toanhichte, folume en kleur. Wy nûgje dy út om dat te toanen én nijsgjirrich te wêzen nei alle oare lûden, ek as dy hiel oars binne as dy fan dy. Troch romte te jaan oan alles wat der is, leare we dy om dyn eigen stimte finen en te harkjen nei wat in oar te sizzen hat.

 

 

Docenten

Sandra Buith en Lian Nijenhuis
Sandra Buith wennet yn Oentsjerk, Deep Democracy level 1, 2 & 3 instructor, organisaasjecoach, tapast psycholooch, sertifisearre karriêrecoach en gesprekslieder. Leveret mei in soad entûsjasme in bydrage oan 'e groei en ûntwikkeling fan minsken yn organisaasjes. Ferbynt dêrby organisaasjekennis mei psychologysk ynsjoch. Mei har natuerlike en positive oanpak kringt se gau troch ta de kearn. Lian Nijenhuis wennet yn Mildaam, Deep Democracy level 1, 2 & 3 instructor, tafersjochhâlder, strategysk adviseur, ekonoom en HSP Begelieder. As prosesbegelieder skept se romte en jout se fertrouwen oan dat wat sein en dien wurde moat. Sy is in nochtere en enerzjike oanjager mei de fokus op resultaat. Ut in iepen en ynnovative blik wei leit se op in earlike wize bleat wat der oan 'e hân is.

14/9/2026

-

18/9/2026

Ferdjippingswike Deep Democracy