6/11/2026

-

8/11/2026

Unoantaast Skylge – Kuierwykein

In hearlik kuierwykein troch de wylde natuer fan Skylge. Underfyn it wiere hjerstgefoel op it Waad.

Op 'e kuiersgean we nei ferskate gebieten op it eilân:

De iene dei geanwe nei de eastpunt mei it Amelanner-gat en de Koffiebonenplaat dy't der neistleit en dêr't faak seehûnen lizze. In tocht oer it strân mei tal fan seefûgels,fia Cupido's Polder en de Boschplaat werom nei de Hoarnske bosk. Mei-inoarsawat 17 kilometer. Nei it diner is der in presintaasje oer de natuer fanSkylge it jier rûn. De oare deis rinne we sawat 14 kilometer. As it net te wietis gean we oer de Noordvaarder op de westlike punt, it meast dynamyskedúngebiet fan Skylge, mei kâns op groepen mientsen (kanoeten)en tsjirken(tureluurs). As de westkant te wiet is kieze we in nije rûte fan de Hoarnskebosk ôf.

Neist de kuiersen mienskiplike mominten hast yn dat wykein ek lekker tiid en romte foardysels.

Kosten

Do ferbliuwstdat wykein op basis fan folpensjon: alle dagen in hearlik moarnsitensbuffet, lunchpakket& 3-gongen diner.
- Sliepseal yn Roefkegebou: € 344,- p.p.
- Twapersoanskeamer budzjet(Roefkekeamers): € 368,- p.p.
- Twapersoanskeamer komfort(Brêge- en Plakkenkeamers): € 400,- p.p.

Foar it brûkentroch ien persoan fan in keamer jildt in taslach fan 20 euro de nacht.

Docenten

Arie Ouwerkerk
Dit wykein wurdt begelaat troch 'ús eigen' Arie Ouwerkerk. Arie wennet en wurket op De Folks as haad húshâlding & terreinbehearder en hat jierrenlange ûnderfining mei it spotten en fotografearjen fan fûgels. Neist syn jierlikse maitiids- en hjerstfûgelwykeinen jout er ek foar Staatsbosbeheer ekskurzjes op it eilân. Ek foar fûgelkursussen en -ekskurzjes yn it bûtenlân kinst by Arie terjochte! Arie is in echte natuerleafhawwer en makket yn syn frije tiid ek graach (fiere) reizen om dêr fûgels en oare bisten fêst te lizzen op 'e gefoelige plaat. Folgje Arie Ouwerkerk op Facebook en Instagram foar prachtige fûgelfoto's en lit dy fêst ynspirearje.

Aanmelden cursus

Bedankt voor je aanmelding!
We sturen je snel alle details. Zin in – we kijken ernaar uit je te ontmoeten.

Tot gauw bij De Folks.
Oeps! Er is iets misgegaan bij tijdens het invullen van dit formulier.