24/8/2025
-
29/8/2025
Yn gearwurking mei de Folks is dizze workshop in ynspirearjende mikse fan tekenjen en skilderjen nei de werneming, en foaral fanút beweging en ekspresje.
Mei it prachtige kleurige hjerstlânskip fan Skylge binnen hânberiek is d'r genôch om jo skillerhert op te heljen. Yn dizze workshop is d'r in útnoeggjende struktuer om jo eigen hânskrift en (frije) ekspresje hjir yn op te sykjen. Wy geane binnen en bûten oan 'e slach.
Programma
Yn de moarn wurdt d'r struktuer oanbied lykas koarte flugge sketsen, lînks- en rechtshândich tekenjen en skilderjen. Dit om de eigen ekspresive beweging te ûndersykjen en te ûntwikkeljen: jo hannen witte it faak better as in al te betochte ynterpretaasje. Nei de lunch is d'r yn de middei romte om sels op 'skildergeit' te gean of wy geane tezamenlik op ekspedeysje: nei in tentoanstelling, ien fan de moaie doarpkes, nei it wad of de see om op lokaasje te wurkjen. Elke dei is d'r in wurkbespreking en d'r is genôch tiid en romte yn it programma om te genietsjen fan it eilân!
Praktysk
Yntsjekke kin op snein 24 augustus tusken 15.00 en 18.00 oere. Om 18.00 oere stiet de waarme mieltijd foar ús ree en dêrnei begjint it programma. Jo kinne in fyts hierje by de boat of by Terpstra yn Hoarn (5 min rinnen). Op freed 29 augustus de kamer graach om úterlik 10.00 oere ferlitten. Wy ûntwikkelje it programma dan koart ôf en jo kinne dêrop rekkenje dat jo de boat fan 12.30 wer helje kinne.
Kosten 850 euro foar in twapersoanskamer. Foar in ienpersoanskamer is d'r in teslach fan 20 euro per dei.
Ferbliuw op basis fan folpinsion en gebrûk fan basis teken- en skildermaterikeel: akrylferf, houtskool teken- en skilderpapy, 50x65.
Foar mear praktyske ynformaasje en/of oanmelding: sitageerling@gmail.com