23/8/2026
-
28/8/2026
Yn gearwurking mei De Folks is dizze wurkwinkel in ynspirearjende miks fan tekenjen en skilderjen neffens waarnimming, en foaral út beweging en ekspresje wei.

Mei it prachtige, kleurige hjerstlânskip fan Skylge om 'e doar is der genôch om dyn skildershert op te heljen. Dizze wurkwinkel hat in útnûgjende struktuer om dyn eigen hânskrift en (frije) ekspresje dêryn op te sykjen. Wy gean binnen en bûten oan'e slach.
Programma
Yn 'e moarntiid wurdt struktuer oanbean lykas koarte, flugge sketsen, links- en rjochtshandich tekenjen en skilderjen. Dat om de eigen ekspressive beweging te ûndersykjen ente ûntwikkeljen: dyn hannen witte it faak better as in ynterpretaasje dêr't te folle oer neitocht is. Nei de lunch is der middeis romte om sels op 'skilder-ûndersyk'te gean of we gean mei-inoar op ekskurzje: nei in útstalling, nei ien fan de moaie doarpkes, nei it waad of de see om op lokaasje te wurkjen. Alle dagen is der in wurkbesprekking en der is genôch tiid en romte yn it programma om te genietsjen fan it eilân!
Praktysk
Ynchecke kin op snein 24 augustus tusken 15.00 en 18.00 oere. Om 18.00 oere stiet it waarm miel foar ús klear en dêrnei begjint it programma. Kinst in fyts hiere by de boat of by Terpstra yn Hoarne (5 min. rinne). Op freed 29 augustus de keamer graach om uterlik 10.00 oere ferlitte. We slute it programma dan koart ôf en kinst dero prekkenje datst de boat fan 12.30 oere werom helje kinst.
Kosten: €1050 ynklusyf sliepplak en ferbliuw op in twapersoanskeamer, basismateriaal(houtskoal, akrylfarve, klaai, teken-, skilder- en sketspapier (50 x 65).
Taslach ienpersoanskeamer per dei € 20.
Ferbliuw op basis fan folpensjon en gebrûk fan basis teken- en skildermateriaal:akrylfarve, houtskoal teken- en skilderpapier, 50 x 65.
Troch Wa? Sita Geerling MATh, Supervisor, Byldzjend Terapeut, ByldzjendKeunstner.
Foar mear praktyske ynformaasje en/of oanmelding sitageerling@gmail.com


23/8/2026
-
28/8/2026