2/8/2026

-

9/8/2026

Skilderkursus Skylger Eleminten

Genietsje fan in wike op Skylge wêryn't kreativiteit & natuer gearkomme. De dunen, de see, it waad en de polder: yn dy skilderwike gean we nei de moaiste lokaasjes fan Skylge. It eilân en de unike waadnatuer sitte fol dynamyk, útdaagjend en betoverjend foar elke skilder.

Skylgerkeunstner, teken- & skilderdosinte Sanne van der Horst nimt dy mei yn in wike lang skilderjen en tekenjen op dit prachtige eilân. Moarns binne der ynliedende opdrachten en oanslutend giest mei de groep nei bûten om ynspiraasje op te dwaan en te skilderjen yn 'e natuer en/of op ús lokaasje. Yn dy wike wurdt ek eksperimintearre mei ferskate materialen: akrylfarve, houtskoal,potlead, pastel- en fetkryt.

Dizze kursus is gaadlik foar sawol begjinners as betûften!

De groep sil netal te grut wêze sadat Sanne genôch persoanlike oandacht jaan kin oan alle dielnimmers.

Kosten

Dyn ferbliuw is dizze wike op basis fan folpensjon: deistich moarnsiten as buffet, lunchpakket & 3-gongen diner.

Keamer diele mei keamergenoat:

– Sliepseal(tsje) yn Roefkegebou: € 1096,- p.p.
–  twapersoanskeamer budzjet(Roefkekeamers): € 1153,- p.p.
–  twapersoanskeamer komfort (Plakkenkeamers) of fjouwerpersoansappartemint: € 1265,- p.p.

Priveekeamer:

– Sliepseal(tsje) yn Roefkegebou: € 1209,- p.p.
–  twapersoanskeamer budzjet(Roefkekeamers): € 1293,- p.p.
–  twapersoanskeamer komfort (Plakkenkeamers) of fjouwerpersoansappartemint: € 1405,- p.p.


By dielname oan dit wykein is in fyts needsaaklik. By ynskriuwing krijst in koartingskoade foar fytshier

Docenten

Sanne van der Horst
Dizze wike wurdt begelaat troch Sanne van der Horst: Skylger keunstner, teken- & skilderdosint. Se wurket út har eigen atelier wei, mar ek op ferskate lokaasjes op it eilân. Dêrneist wurket se as dosinte CKV en D&P yn it Skylger middelber ûnderwiis, se jout skilderles oan ferskate skilderklups op Skylge en hat de Hollânske Skoalle yn Amsterdam oprjochte.

Oanmelde kursus

Bedankt voor je aanmelding!
We sturen je snel alle details. Zin in – we kijken ernaar uit je te ontmoeten.

Tot gauw bij De Folks.
Oeps! Er is iets misgegaan bij tijdens het invullen van dit formulier.