9/8/2026

-

14/8/2026

Simmerkamp II (13/14 jier)

Tagelyk mei in gesellige groep leeftiidsgenoaten seis dagen lang op aventoer op Skylge, geweldich dochs?!

Ek dit jier binne der yn de simmerfakânsje wer trije fantastyske Simmerkampen op De Folks!

Dy dagen binne fold mei ien en al plezier en moaie aktiviteiten. Fan speurtochten yn 'e bosken libben stratego yn 'e dunen oant bûnte jûn, disko en oeren lang kletse en kete.Swimme en spultsjes op it strân, 'jachtseizoen', lekker ite en gean sa mar troch.

Lykas faak heard fan eardere dielnimmers giest nei in wike wer nei hûs mei nije freonen en oantinkens foar it libben.

Op dizze Simmerkampen is de fiertaal Frysk. Fansels bist ek wolkom ast gjin Frysk praatst, mar om lekker meidwaan te kinnen helpt it wol ast de taal yn alle gefallen ferstiest.

Begelieding

In entûsjaste ploech lieding makket der mei de kids in gesellige wike fan! De lieding fan 'e Simmerkampen bestiet út in entûsjaste en hechte ploech jongeren fan sawat 20 -25 jier âld. De measten fan harren diene doe't se jonger wiene sels ek mei oan dizze fantastyske simmerkampen. Dizze wike is de lieding yn hannen fan Lieke, Nynke, Marre-leen, Sanne, Nienke en Jurre.

Kosten

€ 435,-

De bern ferbliuwe dy wike op basis fan folpensjon: alle dagen lekker moarnsiten, middeis lunchpakketsje en jûnsiten fan ús kok!

Foar fragen, mear ynformaasje of oanmelde, nim gerust kontakt mei ús op!

Docenten

Lieke Hoogteijling
Myn namme is Lieke Hoogteijling, ik bin 23 jier en kom út Dokkum. Ik wurkje op de peuterskoalle en de BSO en neist myn wurk studearje ik noch foar learkrêft yn it beukerûnderwiis. Ik bin sels mei west as bern op Simmerkamp en dit wurdt myn seisde kear mei as lieding op kamp. Ik sit al fjouwer jier by de kampkommisje en ik bin de foarsitter fan de simmerkampen.
Nynke
Hé hoi, myn namme is Nynke en ik bin 23 jier âld. Ik bin al hiel wat jierren te finen op de Folks, as bern en lieding :)
Marre-Leen
Hoi! Myn namme is Marre-leen Kalsbeek. Ik bin 19 jier âld en wenje yn Wergea. Ferline jier bin ik ôfstudearre oan de oplieding Travel & Hospitality Leidinggevende. Yn septimber begjin ik mei in nije oplieding: Social Work. As bern bin ik ien kear mei west op kamp. Dit jier gean ik foar it earst mei as lieding, en dêr haw ik hiel folle sin oan!
Sanne
Hi! Myn namme is Sanne Ligthart (25 jier) en ik kom út Wommels, mar wenje al seis jier yn Grins. Op it momint studearje ik Orthopedagogiek en wurkje ik mei in soad wille yn ‘e jeugdsoarch en handicaptesoarch. As bern bin ik mar ien kear mei west, mar as lieding wurt dit jier al myn njoggende kear. 
Nienke
Hooooi, ik bin Nienke en ik bin 18 jier âld. Ik sit yn it twadde jier fan de oplieding Verpleegkunde op it MBO. Mei bern wurkje haw ik altyd al leuk fûn. Ik sjoch der hiel erg nei út om der in leuke tiid fan te meitsjen mei de bern!
Jurre
hoi myn namme is jurre, bin 22 jier âld. Op dit stuit bin ik dwaande mei de seefeartskoalle. As bern bin ik eartiids faak meigien op it simmerkamp en tal kear as lieding. ik ha der in soad sin oan

Oanmelde kursus

Bedankt voor je aanmelding!
We sturen je snel alle details. Zin in – we kijken ernaar uit je te ontmoeten.

Tot gauw bij De Folks.
Oeps! Er is iets misgegaan bij tijdens het invullen van dit formulier.