12/7/2026
-
17/7/2026
Tegearre mei in gesellige groep leeftydgenoaten seis dagen lang op aventoer op Skylge, geweldich dochs?!

Ek dit jier binne der yn de simmerfakânsje wer trije fantastyske Simmerkampen op 'e Folkshegeskoalle!
Dy dagen binne fold mei ien en al plezier en moaie aktiviteiten. Fan speurtochten yn 'e bosken libben stratego yn 'e dunen oant bûnte jûn, disko en oeren lang kletse en kete.Swimme en spultsjes op it strân, 'jachtseizoen', lekker ite en gean sa mar troch.
Lykas faak heard fan eardere dielnimmers giest nei in wike wer nei hûs mei nije freonen en oantinkens foar it libben.
Op dizze Simmerkampen is de fiertaal Frysk. Fansels bist ek wolkom ast gjin Frysk praatst, mar om lekker meidwaan te kinnen helpt it wol ast de taal yn alle efallen ferstiest.

Lieding

In entûsjasteploech lieding makket der mei de kids in gesellige wike fan! De lieding fan 'e Simmerkampen bestiet út in entûsjaste en hechte ploech jongeren fan sawat 20 -25 jier âld. De measten fan harren diene doe't se jonger wiene sels ek mei oandy fantastyske simmerwiken.
Kosten
€ 405,00
De bern ferbliuwe dy wike op basis fan folpensjon: alle dagen lekker moarnsiten
Foar fragen, mear ynformaasje of oanmelde, nim gerêst kontaktmei ús op!