12/7/2026

-

17/7/2026

Simmerkamp I ( 9 oant 12 jier)

Tegearre mei in gesellige groep leeftydgenoaten seis dagen lang op aventoer op Skylge, geweldich dochs?!

Ek dit jier binne der yn de simmerfakânsje wer trije fantastyske Simmerkampen op De Folks!

Dy dagen binne fold mei ien en al plezier en moaie aktiviteiten. Fan speurtochten yn 'e bosken libben stratego yn 'e dunen oant bûnte jûn, disko en oeren lang kletse en kete.Swimme en spultsjes op it strân, 'jachtseizoen', lekker ite en gean sa mar troch.

Lykas faak heard fan eardere dielnimmers giest nei in wike wer nei hûs mei nije freonen en oantinkens foar it libben.

Op dizze Simmerkampen is de fiertaal Frysk. Fansels bist ek wolkom ast gjin Frysk praatst. Om lekker meidwaan te kinnen helpt it wol ast de taal yn alle gefallen ferstiest.

Lieding

In entûsjaste ploech lieding makket der mei de kids in gesellige wike fan! De lieding fan 'e Simmerkampen bestiet út in entûsjaste en hechte ploech jongeren fan sawat 20 -25 jier âld. De measten fan harren diene doe't se jonger wiene sels ek mei oan dy fantastyske simmerwiken. De lieding dizze wike is yn hannen fan Ruurd Jan, Tialda, Jelmer, Siska, Anniek en Jort

Kosten

€ 405,00

De bern ferbliuwe dy wike op basis fan folpensjon: alle dagen lekker moarnsiten, een lunchpakketsje en jûnsmiel fan ús kok!

Foar fragen, mear ynformaasje of oanmelde, nim gerêst kontaktmei ús op!

Docenten

Ruurd Jan
Myn namme is Ruurd Jan, ik bin 23 jier en ek dit jier sil ik mei as kamplieding. Op dit stuit bin ik dwaande mei de oplieding dosint skiednis. as bern haw ik sa'n seis kear mei west op kamp en no foar de tredde kear mei as lieding
Tialda
Myn namme is Tialda, ik bin 22 jier. Ik bin al mbo-ferpleechkundige en bin op it momint dwaande mei de oplieding ta hbo-ferpleechkundige. As bern bin ik altyd mei op kamp west en dit wurdt myn tredde kear as lieding. Ek sit ik no in jier yn de kampkommisje. Foar it simmerkamp doch ik de promoasje.
Jelmer
Goeie, ik bin Jelmer, 21 jier en dit sil mien twadde jier wure as simmerkamplieding. Ien mien deistich libben bin ik studint fan de pabû ien Ljouwert. As ik krekt op skoalle sit, bin ik oan it wurk by it Sneekerhof of op it fuotbal of keatsfjild.
Siska
Hooi ik bin Siska, 22 jier en yn oplieding ta plysje. Ik haw sels altyd mei west mei simmerkamp en dat wiene alle jierren de moaiste wike fan de simmer. Ik sei eartiids al: as ik net mear as bern mei kin, dan gean ik gewoan as lieding! En dat is krekt wat ik dien ha. Dit wurdt myn tredde jier as lieding en ik sjoch der wer nei út om mei jim rjochting it altyd moaie en gesellige Skylge te gean. Sjogge we elkoar dizze simmer op de haven fan Harns foar wer in machtich simmerkamp?
Anniek
Myn namme is Anniek en ik bin 23 jier. Op dit stuit folgje ik de oplieding ta dosint maatskippijlear. Sels haw ik fjouwer kear op kamp west en dat wiene de moaiste wiken fan de simmer. Dit wurdt myn earste kear op kamp als lieding en ik ha der super in soad sin oan!
Jort Sinnema
Myn namme is Jort Sinnema, ik bin 20 jier âld en kom út Wergea. Op dit momint studearje ik oan de pabo yn Ljouwert en neist myn stúdzje wurkje ik by de supermerk.Ik bin sels as bern nea mei op kamp west, mar myn suster wol. Sy hat my entûsjast makke om as lieding mei te gean. Dit wurdt myn earste jier as lieding op kamp en ik ha der hiel folle nocht oan! Ik hoopje dat de bern der ek safolle nocht oan hawwe

Oanmelde kursus

Bedankt voor je aanmelding!
We sturen je snel alle details. Zin in – we kijken ernaar uit je te ontmoeten.

Tot gauw bij De Folks.
Oeps! Er is iets misgegaan bij tijdens het invullen van dit formulier.