17/10/2026
-
22/10/2026
In wike dêr'tst yn útnûge wurdst om folslein dyn stream te folgjen en dêr utering oan te jaan yn dyn kreaasjes.

Fielst dat detiid kommen is om dyn eigen stream te folgjen? Reizgje dan mei ús mei nei Skylge, dêr't we op in fenomenale, prachtige lokaasje yn 'e bosk in wike mei-inoar trochbringe. In wike dêr'tst yn útnûge wurdst om folslein dyn stream te folgjen en dêr utering oan te jaan yn dyn kreaasjes.
Yn in lytse yntime setting mei maksimaal 10 dielnimmers geane we op paad.Jarina nimt dy al skilderjend mei troch de Vedic Art en Mika dûkt mei ús de stilte yn fia yoga & meditaasje. Lit dy dizze wike ferrasse troch in programma dat ryk fold is, dêr'tst frij yn bist om dyn eigen beweging te meitsjen. De start fan de maitiid; dyn kleur fynt fansels it doek! Nei dizze wike hast yngeand ûnderfûn wat it is om wier trou te wêzen oan dysels.
Mika Yoga
Nei binnen keare giet as fansels mei de stim fan Mika... By dizze Retreat dieltse moarns en jûns har yin yoga en meditaasje. Se sjongt foar dy en nimt dy meide stilte yn. Uteinlik komst dêrmei fansels op in plak oan datst dyn Thús neame kinst, dêr't it stil en fredich is. Kom online mei Mika yn 'e kunde fia: www.mikamarieke.nl, en belibje har live yn 'Folgje dyn inerlike stream'!
Prizen(ekskl. boattocht)
Ticketpriis op basis fan twapersoanskeamer: € 1144,-
Ticketpriis op basis fan ienpersoanskeamer: € 1344,-




17/10/2026
-
22/10/2026