18/10/2026

-

21/10/2026

Retreat 'Luisteren naar jezelf"

It tema 'harkje nei dysels' stiet yn dizze retrête oer fjouwer dagen sintraal. Fjouwer dagen eksklusive me-time ynklusyf yoga!

Fjouwer dagen eksklusive me-time.Bewuste, ûnbehindere tiid foar dysels om te harkjen nei watst no eins wolst:Wat hasto nedich? Wat wolsto diele? Hokker rjochting wolsto út? Kom nei Skylge om te ûntspannen, te dielen en te ûntdekken wat der yn 't paad liket te sitten. Dêrneist is der folop tiid om te kuierjen of om te rinnen yn 'e dunen en op 'eûneinige strannen dy't it prachtige waadeilân Skylge ryk is.

Wolst better leare te harkjen nei oaren én nei dysels? Hearst dysels wolris sizzen datst dysels kwytrekke bist? Of datst net mear witst wa'tst bist of watst wolst? Bist wurch fan alle soargen? Of fernimst yn petearen mei oaren datst dy net begrepen fielst of de oar folslein net begrypst?

De Trije Prinsipes binne dizze dagen ús kompas. Se binne om samar te sizzen in gebrûksoanwizing foar minswêzen en wize ús altyd wer werom nei ús eigen wiisheid. Dy eigen wiisheid wurdtús 'ynflústere'. Mar kinne we dat noch wol hearre as der in soad drokte yn ús holle is?

Untspanning is de belangrykste skeakel dit wykein. Dêrwei ûntstiet der romte foar nije, frisse tinkbylden. Yn dit wykein is dan ek in moaie balâns tusken mienskiplike mimermominten,leechdrompelige (net ferplichte) yogasesjes en mominten dy'tst nei eigen winsk ynfolst.

Foar wa?

Dizze Retrêteis foar elk dy't wol wat mear gemak, ienfâld en muoiteleazens brûke kin yn it libben. Hoechst de Trije Prinsipes net te kennen om oan dizze retrête dielnimme te meien. Sjochst al wat langer yn 'e rjochting fan 'e Trije Prinsipes? Dan binne dizze fjouwer dagen in moaie ferdjipping. Ek foar de yoga hast gjin ûnderfining nedich.

Kosten

Foar partikulieren: € 849,- (ynklusyf btw) mits ast dy oanmeldst foar 8 maart 2026. Letter ynskriuwekin fansels ek. Dan betellest € 949,-.

Foar bedriuwen: € 1349,-(ynklusyf btw).

Docenten

Loes Huijer en Natasja Hoogenboom
Dizze fjouwer dagen wurde fasilitearre troch Loes Huijer & Natasja Hoogenboom. Wy ferdjipje ús al in skoftke yn de Trije Prinsipes en hawwe yn 2018/2019 de oplieding ta 3P fasilitator ôfrûne. Wy begeliede no al in tal jierren minsken op wei nei in muoiteleazer libben en hawwe ús de lêste jierren ferdjippe yn 'Diep Luisteren'.

18/10/2026

-

21/10/2026

Retreat 'Luisteren naar jezelf"