27/7/2026
-
31/7/2026
Tema 2026 Fan 'Natuer belibje' oant sels ‘Natuer wêze'. Dizze kursuswike sit fol!

It is ûntdekke wat wêzentlik fan belang is yn dyn libben.
It Mandala tekenje is tekenje yn 'e sirkel. De Mandala-symbolyk is foaral bekend as artistike útdrukking en meditatyf ritueel yn Tibet, Sina en Yndia. Yn it westen wie it Carl Jung dy't de Mandala op 'e nij ûntduts as keunstfoarm dy't hieljend wurket foar de siel.
Mandala tekenjen bringt ûnbewuste prosessen oan it ljocht. Jung kaam ta de konklúzje dat de Mandala-keunst heart ta ús kollektyf erfgoed fan mins-wêzen. Mandala komt út it Sanskryt en betsjut letterlik sirkel of sintrum. Us útgongspunt is in tema, gefoel of beweging, kleur of getal. It is altyd it persoanlike belibjen dat sintraal stiet. Wy wurkje yntuïtyf.
Nei elke tekenoefening is der romte foar besprekking. Wêzentlik foar it meidwaan oan de kursus is de reewilligens om nei dyn eigen binnenwrâld te sjen.
Yn Sacred Dance ûntdekke we deselde symbolyk. It is in meditative foarm fan dûnsjen,wêr by't lichem, siel en geast mei-inoar yn harmony brocht wurde. It is in weifan ynkear en moetsjen. Der wurdt dûnse op klassike, folkloristyske, religieuze en eigentiidske muzyk. De ienfâldige patroanen biede ôfwikseling fan stilte oant oerdwealskens.
Programma
Moarns is der in tekensesje.
Middeis kinne je derop útgean mei in opdracht, en jûns is der dûns. Mar der is romte om dêrfan ôf te wiken.

Foar wa
Foar wa't siket nei moetsjen en besinning. Dûnsûnderfining en tekenûnderfining binne net nedich.
Oantal
10-12 dielnimmers
Praktysk
Watst meinimme kinst: kleurpotleaden, eventueel pastelkryt, passer, liniaal, lym,skjirre, tekenpapier formaat A4 en foaral ek A3, eventueel kleure A3, dûnsskuontsjes of toffels, reinklean. En eventueel in map om dyn tekeningen yn mei nei hûs te nimmen.
Dosinte
Geertje hat de oplieding foar dosint ‘Helend Tekenen’ yn Groesbeek folge en dêrnei yn it‘ Centrum voor levensverdieping De Harp’ yn Izegem, België, de dûnsoplieding Sacred Dance. De beide wurkfoarmen stypje en fersterkje elkoar yn dizze fjouwer dagen.
Tiid en boatreis
Wy ferwolkomje ús gasten oan 'e ein fan 'e middei. Jo kinne bygelyks de boat fan 15.00 oere út Harns nimme. Op de haven fan West stiet de bus rjochting Easterein. Jo stappe út yn Hoarne, halte Badwei. Om 18.00 oere ite we mei-inoaren dêrnei begjint it programma. It programma einiget op freed oan it begjin fan'e middei.
Jo kinne dan de snelboat fan 16.15 oere nimme of de gewoane boat om 17.30 oere.
Wy riede jooan om op 'e tiid in boatkaartsje te bestellen fia www.rederij-doeksen.nl of tel. 0900-363 5736 (bûtenlân 0031 562 442002).
Prizen:
Brêgekeamer of Plakkenkeamer op basis fan 2 persoanen € 780,00 p.p. By 1-persoansgebrûk €860,00.
