4/9/2026

-

6/9/2026

Karriêrewykein Selsynsicht oan see. Training yn watfoar karriêre ast kieze kinst

Stiest foar dyn gefoel stil? En fregest dy ôf watst oars wolle soest? Foar dysels begjinne, in hiel oar fakgebiet ûntdekke of mear plezier en útdaging út dyn besteande wurk helje? Werkenbere fragen foar in soad minsken.

Yn it karriêrewykein sikest nei antwurden. Do stiest stil by foar dy essinsjele fragen ûnder oaren yn trije coachpetearen mei in profesjonele trainer. Dy petearen fiere we, as it mar even kin, yn 'e bûtenlucht: op it dek fan 'e fearboat en/of op it strân. Krijst ynsichten dy't in nije blik opbesteande patroanen opsmite. En ûntdekst wat foar aksjes ast ûndernimme kinst om mear tefreden te wurden oer dyn wurk en dyn libben. As trainers soargje we foar rêst en romte en stelle we leafdefol krityske fragen. It ferbliuw op it eilân skept letterlik ôfstân fan dyn deistich libben. Dat alles helpt dy by itopmeitsjen fan 'e balâns: dingen dy'tst graach mear wolst yn dyn libben, mar eklang koestere dreamen of winsken dy'tst ûndersykje of realisearje wolst. Nei trije dagen ferlitst it eilân mei nije ynsichten yn dysels en yn alle mooglikheden dy't foar dy iepenlizze.

Programma

Dei 1

• Ofreizgje mei de boat fan Skylge
Oan board coachpetear fan sawat healoere de persoan
Oankomst De Folks, ferdieling keamers
Waarm ite
• Coachingsoefening

Dei 2

• Moarnsiten
• Coachpetear yn 'e dunen
• Tiid om te mimerjen
• Waarm ite op De Folks
• Mienskiplike aktiviteit

Dei 3

• Moarnsiten
• Yoga yn 'e dunen of Hynstecoaching of Blowkarten
• Einpetear
• Lunch
• Ofreizgje nei it fêstelân

Docenten

Hanneke Versteeg
Hanneke studearre Nederlânske Taal en Letterkunde yn Utrecht. Dêr learde se dat wurden en hoe'tst wat seist, belangryk binne. Dy kennis past se ek ta yn har coachpetearen. Hanneke is sertifisearre coach; neist de NOBCO-oplieding folge se ek de oplieding foar karriêre- en talintcoaching. Hanneke wurket ek as stúdzje-adviseur by de oplieding Sjoernalistyk op 'e Hegeskoalle Windesheim yn Zwolle. Neist studintebegelieding coacht se startende dosinten en jout se les yn peteartechniken. Hanneke wennet mei har man en twa hûnen yn it bûtengebiet fan Dalfsen dêr't se ek in B&B runt. Se hat trije bern dy't yntusken op harsels wenje.

4/9/2026

-

6/9/2026

Karriêrewykein Selsynsicht oan see. Training yn watfoar karriêre ast kieze kinst