13/5/2026
-
15/5/2026
Stiest foar dyn gefoel stil? En fregest dy ôf watst oars wolle soest? Foar dysels begjinne, in hiel oar fakgebiet ûntdekke of mear plezier en útdaging út dyn besteande wurk helje? Werkenbere fragen foar in soad minsken.

Yn it karriêrewykein sikest nei antwurden. Do stiest stil by foar dyessinsjele fragen ûnder oaren yn trije coachpetearen mei in profesjoneletrainer. Dy petearen fiere we, as it mar even kin, yn 'e bûtenlucht: op it dekfan 'e fearboat en/of op it strân. Krijst ynsichten dy't in nije blik opbesteande patroanen opsmite. En ûntdekst watfoar aksjes ast ûndernimme kinst ommear tefreden te wurden oer dyn wurk en dyn libben. As trainers soargje we foarrêst en romte en stelle we leafdefol krityske fragen. It ferbliuw op it eilânskept letterlik ôfstân fan dyn deistich libben. Dat alles helpt dy by itopmeitsjen fan 'e balâns: dingen dy'tst graach mear wolst yn dyn libben, mar eklang koestere dreamen of winsken dy'tst ûndersykje of realisearje wolst. Neitrije dagen ferlitst it eilân mei nije ynsichten yn dysels en yn allemooglikheden dy't foar dy iepenlizze.
Programma
Dei 1
• Ofreizgje mei de boat fan Skylge
Oan board coachpetear fan sawat healoere de persoan
Oankomst Folkshegeskoalle, ferdieling keamers
Waarm ite
• Coachingsoefening
Dei 2
• Moarnsiten
• Coachpetear yn 'e dunen
• Tiid om te mimerjen
• Waarm ite op 'e Folkshegeskoalle
• Mienskiplike aktiviteit
Dei 3
• Moarnsiten
• Yoga yn 'e dunen of Hynstecoaching of Blowkarten
• Einpetear
• Lunch
• Ofreizgje nei it fêstelân


13/5/2026
-
15/5/2026