1/10/2027

-

3/10/2027

Kom en Sjong Weekend

Een weekend lang samen de mooiste Friese liederen zingen!

Meerstemmig meezingen met een toegankelijk koor? Dat kan dit najaar tijdens het 34e(!) Kom en Sjong-weekend. Nieuwe en oude nummers, vertalingen van populaire nummers: alles komt voorbij! Samen met een grote groep mannen en vrouwen heb je een heerlijk zangweekend. Natuurlijk is er ook genoeg tijd om van het prachtige eiland te genieten.

Op vrijdagavond is er voor de liefhebbers een wandeling en op zaterdagmiddag kan ieder op eigen manier het eiland verkennen. Deelnemers die een instrument bespelen, zijn van harte uitgenodigd om hun instrument mee te nemen. De voertaal is Fries. Het is een populair weekend dus geef je snel op!

Kosten

Geniet van je verblijf inclusief volpension: elke dag een lekker ontbijtbuffet, lunchpakket & diner.

2-personen Roefkezaal € 355.00 p.p. Alleen gebruik € 400,00
2-personen Roefke zaaltje of kamer € 370,00 Alleengebruik € 428,00
2-personen Bregekamer of Plakken Bunker appartement € 400,00- p.p. Alleen gebruik € 460,00

Docenten

Clara Rullmann
Nei har muzykstúdzje wie Clara Rullmann (1961) tweintich jier ferbûn as dosint oan 'e muzykskoalle op It Hearrenfean en runde se in privee pianopraktyk oan hûs. Dêrneist wurke se al dy jierren by it iepenloftteater yn Jorwert, dêr't se muzikaal foarm joech oan bekende musicals as My Fair Lady, Anatevka, Oliver, Zorba en Cabaret. Yn 2000 wie se bernemuzikaal lieder by Olivert, in musicalproduksje fan Joop van den Ende. Se wie muzikaal aktyf foar artysten as Willeke Alberti, Robert Long, Tom Parker, Rients Gratama en Gerrit Breteler. Se komponearre yn gearwurking mei Rients Gratama seis krystmusicals, opfierd yn it Posthuis Theater tusken 2011 en 2016. Foar Omrop Fryslân skreau se in soad edukatyf materiaal foar programma as Skik en WitWat en tekene dêrby sawol foar tekst as muzyk. Foar muzykútjouwerij de Haske ûntwikkele se in meardielige pianometoade, dy't sawol yn Nederlân as yn Dútslân en Frankryk útjûn is. Foar de edukative útjouwerij Eduforce ûntwikkele se in toaniellêsferhaal, dêr't se sawol skript en lietteksten as muzyk by skreau. ‘Abel, een verhaal over dromen en ontdekken’ is útjûn yn 2021. Yn 2023 skreau se skript, lietteksten en muzyk foar de muzykteaterfoarstelling 'Ocke', ta gelegenheid fan 'e weriepening fan 'e Martinitsjerke yn Snits. Foar de Afûk ûntwikkele se yn 2024 in Frysktalich boek foar pjutten en beukers mei lietsjes en ferhaaltsjes, dêr't se sawol tekst as muzyk by skreau. Dêrneist is Clara sûnt 2011 jierliks foar langere perioaden yn Yndonezië te finen, benammen op it East-Yndonezyske eilân Sumba, dêr't se aktyf is as ûntwikkelingswurker. Tusken 2011 en 2022 foar de stichting Save Our Sumba. Yn dy jierren sette se in gearwurking op poaten mei in lokale NGO (Donders Foundation). Om dat goed dwaan te kinnen, makke se har it Bahasa Indonesia eigen yn wurd en skrift. Se skreau Yndonezyske berneferskes en teach oer it eilân om dy mei de bern te sjongen. Noch altyd is se nau behelle by it wurk fan de Donders Foundation en fungearret se as tuskenpersoan tusken harren en bûtenlânske funders.

Oanmelde kursus

Bedankt voor je aanmelding!
We sturen je snel alle details. Zin in – we kijken ernaar uit je te ontmoeten.

Tot gauw bij De Folks.
Oeps! Er is iets misgegaan bij tijdens het invullen van dit formulier.