30/3/2026

-

2/4/2026

Yntuïtyf Undernimme Retrête

Gean yn 3 dagen nei binnen, yn de ûnderstream en romje op, en krij dyn yntuïtive tools om dyn ûndernimmersdream werklikheid wurde te litten.

Yn dizze dagenop Skylge wurkest oan 'e ûnderstream yn dysels en dyn bedriuw. Do ferbynst dywer mei de boarne en joust dy oer oan in gruttere stream. Ut dyn inerlikewiisheid wei en frij fan befrisselingen setst dan de stappen dy't nedich binneom dyn dream te realisearjen. Ut rêst en oerjefte wei stapst yn 'e flow enûntdekst hoe't it is ast mei de weach meisurfst yn pleats fan tsjin de streamyn swimst.

It programmastim ik ôf op dyn ferlet en dat fan 'e oare dielnimmers. Der leit neat fêst,der hoecht neat. We wurkje mei wat der is. Dêrby kinst op my rekkenje as gids,as spaceholder, klankboerd en stok achter de doar. Ik meitsje gebrûk fan yntuïtivemetoaden lykas opstellingen, fisualisaasjes, techniken om los te litten en lichemswurk.Ek meitsje we gebrûk fan 'e natuer dy't rûnom om ús hinne is. As lêste bring ikmyn bedriuwskundige kennis en ûnderfining yn, ûnder oaren op it mêd fan itûndernimmerskip, (ynternet)marketing en it skriuwen fan in boek.

Spesjaal foar dyas besiker fan 'e Folks-webside jout Martijn koarting op dizze retrête. Mei de koartingskoadeFOLKS80 betellest €1.147 ekskl. BTW. Gean foar mear ynformaasje en oanmeldennei syn webside.

Docenten

Martijn Meima
De retrête wurdt jûn troch Martijn Meima. Al mear as 25 jier coacht en advisearret hy ûndernimmers en is yntusken de ekspert op it mêd fan yntuïtyf ûndernimmen. Yn 2020 brocht er syn boek Moeiteloos Ondernemen út. As bedriuwskundige kombinearret er saaklike kennis en ûnderfining mei de mear yntuïtive, spirituele kant fan it ûndernimmerskip. Sa ferbynt er de boppestream en de ûnderstream om't dat de kaai is ta it sukses fan dyn bedriuw. Dielnimmers oan syn wurkwinkels wurdearje syn lichtheid en djipgong. Hy benaderet it yntuïtive mei beide skonken op 'e grûn. Hy daget dy út, jout dy in triuwke yn ûnbekend gebiet sadatst groeie kinst en nije wegen learst te gean dy't better by dy passe. Hy beweecht mei en bliuwt stean, ferbûn en frij. Fiel dy útnûge om mei op reis te gean.

30/3/2026

-

2/4/2026

Yntuïtyf Undernimme Retrête