9/10/2026
-
11/10/2026
Mei-inoar de moaiste Ierske en Skotske lieten sjonge, dochst mei?

Mei in groep fan sawat 35 sjongers en sjongeressen sille we in wykein enervearjend koarsjonge! Tuskentroch sil der ek tiid wêze om lekker even út te waaien op dit prachtige eilân. We sjonge maklike en dregere muzyk, ien- of mearstimmich útfierd. We leare de muzyk oan fan tekst en blêdmuzyk ôf of op it gehoar.
Ierlân en Skotlân hawwe in rike liettradysje. Oer de bluodrige skiednis, natuerskientme,skarlunige streken en ferlerne leafdes. Betoverjende meldijen, dreamerige akkoarden, weemoedige ferhalen, prachtige ballades. We leare se op it gehoar,fan tekst of blêdmuzyk. We sjonge se mearstimmich, yn ferskate besettingen.Genietsje! Foar dizze wurkwinkel is wat koarûnderfining winsklik, en is toanfêstens in betingst.
Begelieding
Jildou Talman(1964) is koardirigint, komponist/arranzjeur en organisator. Se wennet en wurket yn Ljouwert dêr't se ferskate kursussen fersoarget en koaren liedt lykas berne-, puber-, wrâldmuzyk-, kryst- en senioarekoar. Dy koaren trede regelmjittich op of dogge mei oan bysûndere projekten.
En bist wat handich op in ynstrumint? Nim mei! In wykein fol enervearjend sjongplezier ûnder lieding fan Jildou Talman.
.avif)
Kosten
Genietsje fan dyn ferbliuw ynklusyf folpensjon: alle dagen in lekker moarnsitensbuffet, lunchpakket& diner.
Roefkesealtsje €354,- p.p.
2-Persoans Roefkekeamer € 378,- p.p.
2-Persoans Plakken/Brêgekeamer € 410,- p.p.
Foar it brûkentroch ien persoan fan in keamer jildt in taslach fan 20 euro de nacht.