26/9/2025
-
28/9/2025
Yn it hjerstjêr kinne jo op Skylge folop genietsje fan de fûgeltrek. Oan it Wêrlderfgoed de Waadsee is d'r foar sawol de begjinnende as gefoardere fûgelkiker folle te belibjen, beharke en fotografearjen tidens dit hearlike wykein.
Op it wad wurde no de grutste oantallen stelrynners sjún en yn dit wykein bringe wy folle tiid troch mei dizze sierlyk fûgels. Tusken de skelksters en rosse grutto's geane wy op syk nei de grienpootruiterrs, krombeksstrânrinners en miskien komme wy wol de grauüe franjepoot tsjún dy't in grut diel fan syn libjen swimmend trôchbringt. Rinnende trijteanstrânrinners sjogge wy lângs de branding en wa wit komme wy de jan-fan-gent tsjún.
Natuergids, fotograaf en fûgelear Arie Ouwerkerk nimt jo graach mei!
Dizze kursus wurdt jûn troch 'ús eigen' Arie Ouwerkerk. Arie wennet en wurket by de Folkshegeskoalle as haad húshâlding & terreinbehearder en hat jierlange ûnderfining mei it spotten en fotografearjen fan fûgels. Fanút de Folks organisearret hy elts foar- en hjerstjêr in fûgelkursus. Hy jout ek ekspedeysjes op Skylge foar Stietsbosbehear. Dêrneêst organisearret hy fûgelkursussen en -ekspedeysjes yn it bûtenlân.
Arie is in echte natuerljeafhawwer en makket yn syn frije tiid ek graach (fiere) reizen om dêr fûgels en oare bisten fetsj te lizzen op de gefoelige plaat. Folgje Arie Ouwerkerk op Facebook en Instagram foar prachtige fûgelfoto's en lit jo al ynspirearje.
Kosten
Jo ferbliuwe dit wykein op basis fan folpinsion.
- bêd op sliepseal yn Roefkegebou: € 295,- p.p.
- bêd op twapersoanskamer budget (Roefkekamers): € 325,- p.p.
- bêd op twapersoanskamer komfort (Brege- en plakkenkamers): € 340,- p.p.
Foar allinnichgebrûk fan in kamer jildt in teslach fan 20 euro per nacht.
By dielname oan dit wykein is in fyts needsaaklik. By ynskruwing ûntfange jo in koartingskode foar fytshier.