23/7/2026
-
26/7/2026
Fjouwer dagen ûntspanne en oplade yn 'e natuer mei yoga, meditaasje en sykheljen.

Nog een aantal plekken vrij.
De Yogareisnûget dy út om mei te gean nei Skylge. Om te lânjen yn 'e rêst en de romte endy op te laden yn 'e natuer. Om te bewegen, te sykheljen en te ûntspannen -droegen troch de wyn, it sân, de dunen en de bosk.
De YogareisSkylge begjint al op 'e boat, op it stuit datst de drokte fan it fêstelân endyn deistich libben achter dy litst en de romte fan 'e Waadsee him foar dyiepenet. Ast nei de oertocht fan board stapst, wurdst omearme troch it rêstigeritme fan it eilân en fielst dat dit presys is watst nedich hast.
Fjouwer dagenfoar dysels yn ferbining mei de natuer. Fjouwer dagen dêr't in protte yn kin,neat moat en alles foar dy regele is.
Wy dogge alledagen yoga, sykheljen en meditaasje. Yn ferskate foarmen, mar altyd yn direkteôfstimming mai de natuer. Wêr mooglik binne de lessen bûten, op it strân, yn 'edunen, yn ’e bosk - elk plak mei syn enerzjy. As it waar om mear beskûl fregetis der ek in moaie romte foar lessen ûnder dak.
Fierder kinstmei op in ymposante kuier ûnder de stjerrehimel.
It programmajout dy ek genôch romte om it prachtige Skylge te ûntdekken.
Oer it itenhoechst net nei te tinken, want it ferbliuw is op basis fan folpensjon.

De YogareisSkylge is ynklusyf:
• Trije oernachtingen yn in twapersoanskeamer mei dûsen húske;
• Moarnsiten, lunch(pakket), diner;
• Yogi Tea en kofje;
• Yoga-, meditaasje- en sykhellingslessen;
• Dark Sky kuier op de Boschplaat;
• Fjouwer dagen fytshier;
• Bagaazjeferfier;
• Toeristebelesting
De YogareisSkylge is eksklusyf:
• De reis nei Skylge en v.v.;
• Annulearringsfersekering;
• Reisfersekering;
• Foaien;
• Persoanlike útjeften.
Kosten
€ 680,00 depersoan. Early Birdpriis € 640,00 (oant en mei 31 desimber 2025).
Klik hier om een kijkje te nemen op Lara haar Instagram

.jpg)

23/7/2026
-
26/7/2026