23/10/2026
-
25/10/2026
Komst by ús de stjerrehimel besjen? Belibje dit bysûndere wykein tidens de Nacht Fan De Nacht op it moaiste plakje op Skylge!
.png)
Gean mei op paad nei it Wad mei Chrisje van Ek fan de Waadeferiening, boskwachter Arie Ouwerkerk foar de betiide fûgels en Koen fan Waddensky foar it bestudearjen fan de prachtige stjerrehimmel boppe ien fan de meast tsjustere plakjes fan Nederlân.
Historikus en stjerrekundige Koen van de Driesche jout útlis oer de geheimen fan stjerrehimmel en begeliedt in nachtlike kuier om dizze pracht sels te erfaren. Wa wit sjogge jo it Noarderljocht, lykas wy diene by de foarige edysje!
Chrisje fan de Waadferiening jout jo ynformaasje oer it Wrâlderfguod en nimt jo mei nei it Wad tidens leechsúnger. Mei fûgelkenner Arie Ouwerkerk fytse jo by ochtendgloren nei it fûgelparadys oan de waadkust en kwelders.
Wannear
Freed 23 oktober
15 -17 oere Unthaal en yntsjekke
17.30 oere Wolkom en ynformaasje oer it wykein, mekoar moetsje ( yn 't Bopperom )
18 oere Trijegangenjûnsmiel
20 oere Leksje Chrisje van Ek fan de Waadeferiening: yntroduksje Waaden Wrâlderfguod + kwis ('t Bopperom )
Sneon 24 oktober
9-10 oere Moarnsmiel (lunchpakket kin mei)
11-13 oere Ekskursje Noardseestrân mei Chrisje van de Waddenvereniging
14-18 oere Frije middei
18 oere Jûnsmiel by kearsljocht, want it is want het is 24 oktober; Nacht fan de Nacht!
20 oere Leksje Koen van den Driesche oer stjerren planeten en it hielal. ( 't Bopperom )
Oanslútend op paad, méi teleskoop it tsjuster yn!
Snein 25 oktober
6.45 oere Pluk de dei! It waad op en fûgels spotte mei boskwachter Arie Ouwerkerk en Chrisje
9.30-10.30 oere moarnsbrochje
11 oere útchecke en ein fan it wykein
Priis folpension 2025 per persoan:
Ynklusyf
- Ferbliuw op De Folks, ynklusyf schjún en linnenguod
- alle mealen
- alle leksjes, ekspededysjes en begelieding
- ynformaasjemail foarút
Eksklusyf:
- boattickets
- fytshier
- ferrekykers
- goede kuierskuon
Lokaasje: Ferbliuw midden yn it Hoarnse bosk! De Folks, Badweg Hoorn 11, 8896KC Skylge.
