13/3/2026
-
15/3/2026
Dûk yn de fassinearjende wrâld fan it stjerren sjen op ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân! De Folks en Waddensky organisearje fan 13 o/m 15 maart in Kursuswykein Stjerren sjen: in wykein fol nijsgjirrige ynformaasje oer en ekskurzjes ûnder de stjerrehimel.

*Nij yn it Folks-kursusoanbod!*
Altyd al mear witte wold oer de stjerren? Einlings ris sels stjerrebylden werkenne? Dit is dyn kâns! Yn dit Kursuswykein Stjerren sjen fan de Waddensky Akademy komst in wykein lang yn 'e kunde mei de fassinearjende wrâld fan it sjen neistjerren. Learst alles oer ús sinnestelsel en de planeten, de stjerrebylden fan de ferskate seizoenen, it navigearjen oan de stjerrehimel en bewûnderest sels de moaiste himelobjekten troch de teleskoop.
De betûfte gidsen fan Waddensky nimme dy mei op in ymposante reis troch it mysterieuze universum en dat makket datst nea wer itselde nei de stjerren sjochst. Ek krijst persoanlik advys foar it oanskaffen fan in teleskoop en makkest in learsume ekskurzje op Dark Sky Park Boschplaat.
Hast gjin foarkennis nedich foar de kursus. It wykein is fansels by ús, De Folks yn Hoarne op Skylge. Wurdst hielendal ûntsoarge; it wykein is ynklusyf oernachtingen, moarnsiten, lunchpakket & diner. Untfangst ek in stjerregidsen planisfeer om sels op ûntdekkingstocht te gean ûnder de stjerren.

Programma
Freed
15:00 Ynchecke
17:30 Wolkom, útlis oer it wykein en inoar moetsje. Do ûntfangst ?????
18:00 Diner
20:00 Prikeljende yntroduksje op it Kursuswykein: Wêr sjochst it meast nei út? Wêr bist nijsgjirrich nei? Wat foarkennis is der al? En: hjir wurdt Team Waddensky optein fan!
21:00 Kapweinekskurzje mei PuurTerschelling nei Dark Sky Park De Boschplaat, bewûnderje de stjerrehimel fanien fan de tsjusterste plakken fan Europa ôf!
Sneon
9:00 Moarnsiten
11:00 Kursus: de stjerrehimel troch it jier hinne, stjerrebylden fan alle seizoenen, navigearje oan 'e stjerrehimel. De planisfeer en apps brûke.
14:00 Ynrin: persoanlik teleskoopadvys (fierder frije middei)
18:00 Diner
20:00 Kursus: it sinnestelsel, de moanne, planeten en kometen. Fallende stjerren. De stjerregids brûke.
21:00 Mei-inoar nei bûten:stjerren sjen mei teleskoop
Snein
9:00 Moarnsiten
10:30 Mienskiplike ôfsluting en útchecke


Prizen
Priis de persoan foar it folslein fersoarge wykein. Gesellich in keamer diele of leaver de romte foar dysels?
Sjoch hjir foar foto's fan 'e akkommodaasjes
Brêgekeamer(2p): dield € 428,00 | Privee € 485,00
Plakkenkeamer(2p): dield € 428,00 | Privee € 485,00
Studio De Toer (2p): dield € 428,00 | Privee € 485,00
Studio it Hege Dún (2p, 1 twapersoansbêd): dield € 428,00 | Privee € 485,00
BudzjetkeamerWyt/ Grien/ Duuntje (2-8p): dield € 402,00 | Privee € 453,00
Appartemint de Koai / de Stjûne (4p): dield € 428,00 | Privee € 485,00
Sliepseal Giel/ Blau/ Read: dield € 389,00 | Privee € 429,00
TINKDEROM: ûnderoan oanmeldformulier stiet in standert tekst foar taslach 1 persoan. Om't der ek prizen foar 1 persoan neamd stean dan dy NET oanfinke.

