Sealen

Op ús terrein fynst ferskate sfeerfol romtes dy'tsto hiere kinst foar ferskillende gelegenheden: in ynspirearjende gearkomste, in kreatieve kursus, in muzyk- of danskursus, in feestlik gearwezen of krekt wat yntiems. Ek bûten is der plak mei ús iepenloftteater as natuerlik poadium tusken it grien.

De Brêge Seal

Dizze rûne, ljochte konferinsjeromte is fan alle gemak foarsjoen. Komsto hjir foar in saaklike gearkomste, meditaasjeles of skilderykursus, yn De Brêge Seal fynst de rêst en romte. Mei plak foar likernôch 30 minsken is it de ideale romte foar lytsere groepen dy't yn alle rêst wurkje wolle.

Roefke Seal

Ús rekreaasjezaal yn gebou 't Roefke hat in prachtige houten flier en ljochte sfear. Mei plak foar likernôch 60 minsken is it in fijne, yntyme romte. Perfekt foar gearkomsten, mar seker ek foar yogalesken en oare rêstige aktiviteiten.

't Bopperom

't Bopperom is ús grutste groepsromte: ljocht, rom en mei in knosse iepen hurd. Perfekt foar in kursus, feest of gearkomste. Binnen fynst in piano, spilletjeskiste, boeken, tv en muzykynstallaasjie. Bûten leit in sinnich terras op it suden. Der is in lyts keukentsje oanwêzich en mei plak foar sa'n 80 minsken in fijne romte foar groepen.

't Rom

Ite dochst by ús yn 't Rom, de ljochte itseal dêr't gasten tegearre oan tafel skowe. Do kinst hjir genietsje fan lokale produkten, farsk moarnbrea én in standert vegetarysk menu. Wy kinne rekken hâlde mei allergyen.

De Rondte - bûtenpoadium

Sûnt de simmer fan 2017 hat De Folks in bysûnder poadium yn de iepen loft. Rûn fan foarm en omringe troch beammen is De Rondte in plak dêr't fan alles tekomt: fan folksdans en yoga oant lesken, presintaasjes en teaterfoarstellings. In plak dêr't natuer en kultuer inoar moetsje.